Partoer Buma wint generale PC

17 aug 2003 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Akkrum hawwe Géjanne Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hylkema de generale wûn fan de frouljus PC dy't woansdei yn Weidum ferkeatst wurdt. Sy wûnen de finale mei 5-1 en 6-6 fan it partoer Sjoke van der Veen, Debora Oosterman en Romy van der Veen. Sneon wûn it partoer Buma ek al yn Goaiïngea.

De tredde priis wie foar de PC-winners fan foarich jier Marie Heida, Riska Hazenberg en Leonie Zeinstra.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)