Ljouwert wurdt túchfrij makke

17 aug 2003 - 00:00

Ljouwert wurdt moandei túchfrij makke. Trije oannimmers sille seis wike lang yn de hiele stêd dwaande wêze om it ûnkrûd fuort te heljen fan stoepen, parkearplakken en flechtheuvels. Minsken wurdt frege om auto's earne oars del te setten as by har yn de strjitte it túch fuorthelle wurdt.

De himmelaksje begjint moandei yn de Vluchtheuvel, Tjerk-Hiddesbuert en de Transvaalwyk. Yn de hûs-oan-hûskrante stiet wannear't wiken oan bar binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)