Opfanghûs Kric slút doarren

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter krisisopfang Kric slút moandei nei 25 jier de doarren. It opfanghûs oan de Zuidergrachtswal waard ea oprjochte troch meiwurkers fan jongereinsintrum Hippo en wurdt no beheard troch Stifting De Terp.
Kric wie bedoeld foar jongeren dy't tefolle drugs brûkten en net mear nei hûs koene. Mar de lêste jierren komme der hieltyd faker psychiatryske pasjinten en yllegalen by it Kric. De frijwilligers rinne dêrom mear risiko.