Opromjen asbest by Claerkamp

17 aug 2003 - 00:00

By Claerkamp yn Dokkum wurdt moandei begûn mei it opromjen fan de asbest dy't dêr fûn is. De âld-pedagogyske Akademy Claerkamp wurdt sloopt troch projektûntwikkeler Tadema út Ljouwert.

Tadema wol der apparteminten delsette. Mar okkerdeis die bliken dat der folle mear asbest yn sit as ferwachte. Dat leveret de projektûntwikkelder in strop op fan 40.000 euro. Tadema wol no de ferkeappriis fan de apparteminten ferheegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)