Hulzebosch wint yn Wolvegea

17 aug 2003 - 00:00

Sneon waard nei fjouwer jier de Stjer fan Wolvegea wer ferriden, in skeelerwedstriid oer 60 km. De A&B- riders soargen foar in prachtige wedstriid yn in heech tempo. Yn de lêste omloop ûntsnapte André Klompmaker mar Erik Hulzebosch helle him yn en gie solo oer de finish. Bartholomeussen waard twad en Arjan Mombarg tred.

By de froulju wûn de Belgyske Hilde Goovaerts foar Marjanne Smit út Rouveen Nienke Stenekes út Damwâld waard fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)