Dûmny Ype Schaaf ferstoarn

17 aug 2003 - 00:00

Yn in sikehûs yn Utert is sneon dûmny Ype Schaaf ferstoarn. Schaaf wie op in konferinsje yn Doorn dêr't er net goed waard. Hy is doe nei it sikehûs brocht en dêr sneontemoarn ferstoarn.

Ype Schaaf waard yn 1930 berne yn Ljouwert. Fan 1959 ôf har er ferskate funksjes by it bibelgenoatskip hân, benammen yn Afrika. Tusken 1977 en 1990 wie Schaaf haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Hy skreau inkele boeken oer it ferset yn Fryslân yn de 2e wrâldoarloch

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)