PC-winners huldige yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De winners fan de PC binne sneontemiddei yn Ljouwert huldige. Johannes Dijkstra, Folkert van der Weij en Karel Nijman giene yn de koets troch de binnenstêd en Huzum. Dijkstra en Nijman wenje beiden yn Ljouwert.
Yn sealen Tivoli waard it trio nei de rit huldige troch wethâlder Hafkamp. Sy die dat út namme fan it gemeente- bestjoer. Ek keatsferiening Ons Genoegen Huzum die mei oan de huldiging.