Joppe Festival wurdt grutter

© Omrop Fryslân
It Joppe Festival wol útgroeie nei it formaat fan it Feanhoop-festival. Dêrom bestiet it festival dit jier út twa jûnen. Freedtejûn begûn it festival mei trije metalbands. Dêr kamen 500 besikers op ôf. Foar sneontejûn wurde der 1500 besikers ferwachte.
Acht jier lyn ûntstie it festival út in eksamenfeest. Dat wie sa'n súkses dat der in ferfolch kaam. Der waard besluten it yn de iepenloft te hâlden, op in plakje yn de Tsjongerfallei.