Brânwacht bluste eigen kazerne

© Omrop Fryslân
De keuken fan de nije brânwachtkazerne yn Akkrum is by de ôfbou ferline jier septimber hielendal útbaarnd. Dat makke boargemaster Dijkstra fan Boarnsterhim sneon bekend by de iepening fan de nije kazerne, dy't ûntworpen is troch arsjitekt Rein Hofstra fan Grou. De bou fan de kazerne koste hast 550.000 euro.
Der ûntstie brân trochdat der ôffal op in elektrysk stel lei, op it stuit dat in elektrisien de stroom oanslute soe. Der wie foar 17.000 euro skea.