Fermiste man sjoen by Heidenskip

16 aug 2003 - 00:00

De 51-jierrige Sybrandus Brouwer fan it Heidenskip, dy't al fjouwer wiken fermist wurdt, is yn de omkriten fan it doarp sinjalearre. Kunde fan de man hawwe him dêr sjoen. De plysje Fryslân nimt de tips bot serieus.

Brouwer ferdwûn yn Frankryk, dêr't er mei syn freondinne op fakânsje wie. Doe't er te kuierjen gie, kaam er net werom. De freondinne en famylje hawwe in grutte speurtocht opset. De Frânske plysje waard ek ynskeakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)