'Dunlop út sintrum Drachten wei'

16 aug 2003 - 00:00

Autobannefabryk Fenner Dunlop moat út it sintrum fan Drachten wei, fynt GrienLinks yn 'e gemeente Smellingerlân. It fabryk wol der in hal bybouwe oan 'e Oaljemûnestrjitte dêr't it no festige is.

No is der al sprake fan stank- en lûdsoerlêst en dat wurdt aansen inkeld mar mear, sa fynt de partij. Ferhúzje nei yndustryterrein De Haven of bedriuwepark A7 is de oplossing. Dêr moatte wol in fergoeding foar krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)