Feehannelers helpe mooglik Brada

16 aug 2003 - 00:00

It Frysk Bûn fan Feehannelers tinkt deroer om de fallite slachterij Brada yn Ljouwert te helpen. De feehannelers hâlde de ûntjouwings om it fabryk hinne goed yn 'e gaten. De kurator meldde freed noch dat der fan moandei ôf net mear slachte wurde sil. De finansjele risiko's soene te grut wêze.

Der soene twa oernamekandidaten wêze: in bûtenlânske ynvestearder en in sanearringsfûns. Dy lêste wol it bedriuw slute nei de oername.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)