Twa froulju dea by auto-ûngelok

© Omrop Fryslân
Twa froulju fan 21 en 22 jier út Appelskea binne freedtejûn om it libben kaam by in ûngelok yn it Drintse Geeuwenbrug. De auto dêr't se yn sieten, rekke troch ûnbekende oarsaak yn 'e berm en skeat dêrnei op de oare helte fan de dyk. In 60-jierrige autobestjoerder út Smilde koe in botsing net mear tefoaren komme.
De twa froulju út Appelskea wiene op slach dea. De man út Smilde is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs.