'Jorwert' hast útferkocht

16 aug 2003 - 00:00

De kaarten foar de foarstelling 'Shakespeare yn love' fan it iepenloftspul Jorwert binne fierhinne útferkocht. De kaartferkeap gie freedtejûn los. Mei it stik oer Shakespeare fiert 'Jorwert' de fyftichste edysje fan it iepenloftspul.

De organisaasje ferwachtet 15.000 besikers. Der binne allinnich noch kaarten foar de foarstellings op tiisdei 2 en woansdei 10 september.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)