Betinking Ynje-feteranen

15 aug 2003 - 00:00

Op It Hearrenfean is freed de kapitulaasje fan Japan yn 1945 betocht. Mei it ûntbleatsjen fan in tinkstien earden feteranen de Feansters dy't yn Indonesië sneuvelen. De tinkstien stiet op it Gashoudersplein op It Hearrenfean.

By de betinking wiene ek feteranen út Nij-Guinea bywêzich. Nei de seremoanje wiene de feteranen te gast op it gemeentehûs fan It Hearenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)