Untuchtfertochte langer fêst

15 aug 2003 - 00:00

De 41-jierrige Amelanner ambulansemeiwurker dy't fertocht wurdt fan ûntucht mei kollega's, bliuwt yn alle gefallen noch in wike fêstsitten.

Dat hat de rjochter-kommissaris hjoed besletten. De man waard earder fan 'e wike oanhâlden, neidat mear as tsien kollega's oanjefte dien hiene. Allegear binne se mearderjierrige froulju. De ûntucht soe jierren duorre ha. De fertochte wurdt woansdei foarlaat by de rjochter kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)