Bibliobus Dongeradiel bliuwt

© Omrop Fryslân
De bibliobus yn de gemeente Dongeradiel bliuwt. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders woe besunigje op de bus, sadat dy yn 2007 ferdwine soe.
De gemeenterie hat it plan fan it kolleezje lykwols fersmiten. De rie fynt dat de bibliobus in basisfoarsjenning op it plattelân is, dy't net ferdwine mei. Hast 1300 bern brûke de bibliobus en dat wurde hieltiten mear. Ek skoallen brûke de bibliobus hieltiten faker.