Asbest Claerkamp strop Tadema

© Omrop Fryslân
Projektûntwikkelder Tadema fan Ljouwert rint in fikse strop op by de sloop fan Claerkamp, de âlde pedagogyske akademy yn Dokkum. Tadema hat it gebou kocht mei it doel om der letter apparteminten del te setten. Yn 'e rin fan 'e sloop die bliken dat der folle mear asbest yn sit as ferwachte en dat kostet it bedriuw 40.000 euro ekstra.
Projektlieder Tadema wol dit werom fertsjinje troch de priis fan 'e apparteminten te ferheegjen.