Mobile himpkwekerij ûntdutsen

© Omrop Fryslân
Oan de Kelvinstrjitte yn Harns is tongersdei in mobile himpplantaazje oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch in melding oer wetteroerlêst. Doe't de plysjeminsken yn 'e strjitte oankamen, ûntdutsen se yn in loads in trailer dy't as himpkwekerij ynrjochte wie.
De trailer is yn beslach nommen en leechhelle. De loads wie ferhierd oan in ûndernimmer út Ljouwert. De plysje siket noch út wa't de eksploitant is.