Skoalswimmen Dongeradiel bliuwt

15 aug 2003 - 00:00

It skoalswimmen yn de gemeente Dongeradiel bliuwt dochs. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders woe de lessen ôfskaffe en diels ferfange troch swimlessen foar minima. Mar de gemeenteried struts dêr tongersdei in skoatteltsje foar.

Mooglik wurdt it tal lessen wol beheind. Sa soene noch mar ien of twa groepen fan it basisûnderwiis gebrûk meitsje kinne fan it skoalswimmen. No binne dat noch trije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)