Swimme yn bûtenwetter kin wer

14 aug 2003 - 00:00

Swimleafhawwers kinne oer it algemien mei in gerêst hert in dûk nimme yn it Fryske bûtenwetter. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Wetterskip Fryslân nei de kwaliteit fan it swimwetter op 135 plakken yn de provinsje. Op seis plakken is it lykwols te smoarch. Dêr jildt in negatyf swimadvys.

Wurdfierder Gerben de Jong fan it wetterskip warskôget wol dat it om in momintopname giet. Minsken moatte ek op harren eigen waarnimming ôfgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)