Wer nachtwacht yn sintrum Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn de binnenstêd fan Dokkum hâlde sûnt koart partikuliere bewakers wer ekstra tafersjoch. Yn it wykein surveillearje se yn it sintrum om oerlêst troch jongerein foar te kommen.
De ekstra ynset hat neffens boarge- master Cazemier no al effekt. De saneamde nachtwacht waard in moanne lyn foar it earst ynset en sil noch in heal jier lang tafersjoch hâlde yn it wykein. Fan 1997 oant en mei 2000 wie de nachtwacht ek al aktyf yn Dokkum.