Gemeente wol Thialf rêde

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean is ree om flink te ynvestearjen yn iisstadion Thialf, mar wol dan ek mei-eigner wurde. It betingst is dat der in heldere organisaasje komt, wêrby't dúdlik is wa't de eigner is.
Hearrenfean docht ek in dringend berop op de provinsje om jild beskikber te stellen foar it rêdingsplan fan Thialf. Dy seit yn in reaksje net earder jild te jaan dan as der dúdlikens is oer wa't de werklike eigner fan Thialf is.