Frjentsjer wint revanche-freule

14 aug 2003 - 00:00

It jongespartoer fan keatsferiening Jan Bogstra yn Frjentsjer wûn woansdei yn Jellem de revanchewedstriid foar de Freulepartij. It Frjentsjerter partoer mei Cees Malda, Tjitte Bonnema en Tjitse Plantinga fersloech Reduzum yn 'e finale. Dat gie muoisum, want Frjentsjer moast weromkomme fan in 1-4 achterstân. De Frjentsjerter opslagger Malda spile in goeie partij.

De twa tredde prizen wiene foar Makkum en Wytmarsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)