Geiteskuorre útbaarnd

14 aug 2003 - 00:00

In skuorre by in boerepleats by Eksmoarre is woansdeitejûn folslein útbaarnd. De fyftich jonge geitsjes dy't op it momint fan it ûntstean fan de brân yn de skuorre wiene, koene der op 'e tiid úthelle wurde.

Op de pleats buorke in 25-jierrige man as geitehâlder. Hy ride mei in lyts bulldozerke strie yn de skuorre. De brân is nei alle gedachten ûntstien doe't in fonkje oersprong. De brânwacht hat de brân útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)