Stroomsteuring by Super De Boer

13 aug 2003 - 00:00

In grutte stroomsteuring hat by supermerk De Boer op it Cambuurplein yn Ljouwert soarge foar in skea fan inkele tsientûzenen euro's. De haadprosessor dy't alle kuol/friesapparatuer yn de winkel oanstjoert, joech belies. Alle kuolle produkten kinne dêrom fuortsmiten wurde.

De stroomsteuring is ûntstien troch koartsluting en is net it gefolch fan it waarme waar. Nei de reparaasje koene de kuolfekken wer fold wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)