Bewaking op 'e trein

© Omrop Fryslân
NoordNed hat kamera's ynstallearre yn guon treinen tusken Ljouwert en Harns en tusken Ljouwert en Starum. Mei-inoar 48 kamera's lizze elke beweging fêst. De ferfiersmaatskippij hopet dat reizgers harren tenei feiliger fiele, benammen by jûntiid. De provinsje hat de kamera's betelle.
It spoar tusken Ljouwert en Grins is in Rykstreinferbining. Dêryn is noch gjin kamerabewaking. NoardNed hat wol alfêst in fersyk dêrta yntsjinne.