Swimbad mei hûnen bewake

13 aug 2003 - 00:00

Swimbad Schatzenburg by Menaam wurdt jûns mei hûnen bewaakt. De eigner hat dat besletten om't der al tiden nachts yllegaal swommen wurdt. Dat waard oant no ta tolerearre. De plysje is yntusken op de hichte brocht fan 'e yllegale nachtswimmerij mar dat hat net folle opsmiten, neffens in wurdfierder fan it swimbad. De plysje seit lykwols fan neat te witten. De dieders knippe mei tangen de stekken iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)