Lêste wurkdei Frico Burgum

© Omrop Fryslân
By Frico Cheese yn Burgum wurde woansdei de lêste tsizen makke. Nei 110 jier giet it fabryk ticht. Twa jier ferlyn makke memmebedriuw Friesland Coberco bekend dat it fabryk ticht moast. Reden is dat der gjin mooglikheid ta útwreiding is.
De fyftich personielsleden fan Frico Burgum komme foar it grutste part te wurkjen yn 'e tsiisfabriken fan Bedum en Warkum of geane earder mei pensioen. It fabryksgebou sil ferkocht wurde.