NE-Fryslân:wenjen en rekreëarjen

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân presintearje tongersdei in nije regiofisy foar de takomst. De fjouwer gemeenten lizze dêryn de klam op wenjen en rekreaasje yn 'e streek. Dêrby stiet it behâld fan it lânskip sintraal. Fierders wolle se ynvestearje yn ynnovaasje, lânbou en soarch.
By de presintaasje fan de regiovizy heart in helikopterflecht oer it gebiet. De titel fan it rapport is 'Sterk op eigen wijze'.