Fragen oer nutsbedriuwen

13 aug 2003 - 00:00

De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP freget de provinsje de rem te setten op privatisearring fan nutsbedriuwen. Sa binne noch mar 11% fan 'e NUON-oandielen fan 'e provinsje. Mei de wetter- en enerzjykrapte fan 'e lêste dagen makket de steatefraksje him soargen oer dizze ûntwikkeling.

De fraksje freget him ôf wêrom't Fryslân mear problemen hie as bygelyks Drinte. Der moatte maatregels komme om tekoarten yn 'e takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)