Undersyk nei heech wetterferbrûk

13 aug 2003 - 00:00

Wetterliedingbedriuw Vitens stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan it wettertekoart fan ein ferline wike. It drinkwetterferbrûk yn de provinsje lei doe 40% heger as oars. Op guon plakken foel de wetterdruk hielendal fuort.

Mooglik moat der ekstra pompen of in gruttere opslachkapasiteit komme om de wetterdruk better te regeljen. Yn 'e takomst meie sokke problemen net mear foarkomme, sa seit direkteur Silvis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)