Hearrenfean - Villarreal: 1-2

© Omrop Fryslân
It Spaanske Villarreal wie tiisdei in maatsje te grut foar sportklub Hearrenfean. Callesta iepene de skoare foar de Spanjaarden. It waard 1-1 troch in eigen doelpunt fan Ballesteros, dy't in foarset fan Vayrynen achter de eigen keeper skeat. Flak foar rêst makke Victor der 1-2 fan. Yn 'e twadde helte wie Hearrenfean mear yn balbesit, mar dit smiet gjin grutte kânsen op. By Villarreal die oanfaller Anderson allinnich it lêste kertier mei.