'Jorwert' fiert jubileum

12 aug 2003 - 00:00

Op 21 augustus belibbet Jorwert de premiêre fan de 50ste edysje fan it iepenloftspul. Spile wurdt 'Shakespeare in love', yn it Frysk 'Ik wol spylje'.

De tribunes binne steiler makke om it publyk mear yn it stik te beheljen en der binne noch wer mear telefoanlinen om kaarten te bestellen. Freed set de foarferkeap út ein. In spesjaal konsert op snein 24 augustus moat boppedat de histoarje fan Jorwert en it iepenloftspul muzikaal werjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)