Gemeente slút sportfjild te gau

12 aug 2003 - 00:00

Gemeenten beslute te hastich om de sportfjilden te sluten. Se bringe dêrmei de sportferienings yn 'e problemen. Dat seit foarsitter Van der Kamp fan fuotbalklup Aldegea yn Wymbritseradiel, dy't ek trainer is fan fuotbalferiening Bakhuzen. "Je ha je trainings, je programma, dit kin net."

Neffens Van der Kamp lizze de fjilden fan syn klubs der goed by en moatte de gemeenten dêr better nei sjen foardat se beslute de fjilden te sluten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)