Ljouwerters toane har keramyk

12 aug 2003 - 00:00

Ljouwerters wurde frege har moaiste en meast bysûndere keramyk út te stallen yn de nije eksposysjeseal fan museum it Princessehof. It museum wurdt op dit stuit ferboud en útwreide.

Njonken de eksposysjeseal krijt it museum der ek in biblioteek en in edukative romte by. Begjin takom jier is de earste offisjele útstalling: Lekker dekadent. Fan 't hjerst meie earst de Ljouwerters har keramyk útstalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)