Skiedsrjochter Van Dijk hâldt op

© Omrop Fryslân
Herman van Dijk fan It Hearrenfean hâldt op as skiedsrjochter yn it betelle fuotbal. De arbiter hat lêst fan in slepende blessuere. Van Dijk wie tolve jier lang skiedsrjochter yn it betelle fuotbal. Hy fluite sa'n 350 wedstriden yn it betelle fuotbal. Ek hat Van Dijk in jiermannich ynternasjonaal skiedsrjochter west.
It lêste optreden fan Van Dijk wie ôfrûne freed yn 'e oefenwedstriid Cambuur - Hearrenfean.