Fjild ûnbespylber troch droechte

© Omrop Fryslân
Yn neifolging fan Dantumadiel ha no ek Snits en Tytsjerksteradiel al har sportfjilden sletten fanwege de droechte. Soene sporters no op de fjilden komme, dan kin de gersmatte foar de rest fan it jier ûnbrûkber wêze. Yn Snits en Dantumadiel mei ek net mear traind wurde op de fjilden.
De gemeente Dantumadiel bereint de fjilden wol, mar blykber net genôch. It wetterskip hat tastimming jûn om dêr oerflaktewetter foar te brûken.