Oppakt foar besykjen ta deaslach

© Omrop Fryslân
In 70-jierrige man út Molkwar is oppakt foar besykjen ta deaslach fan in 42-jierrige doarpgenoat. De twa manlju binne buorlju en hawwe al langere tiid spul. De jongere Molkwarder hat faak rûzje yn it doarp.
De rûzje eskalearre sneontemoarn doe't de 42-jierrige de frou fan 'e 70-jierrige lestichfoel en bedrige. De âldere man woe syn frou ferdigenje, kaam mei in mes nei bûten en stuts de 42-jierrige yn de ljisk.