Thialf hat nije eigner

© Omrop Fryslân
IIsstadion Thialf hat in nije eigner. It giet om ûndernimmer Zeilstra fan Aldtsjerk, dy't in bedriuw hat dat ôfslankmiddels makket. Zeilstra wol it iisstadion meikoarten trochferkeapje. Hoefolle't er foar de oandielen betelle hat, wol Zeilstra net sizze.
Ynterim-direkteur Nieweg fan Thialf is fernuvere oer de oankeap. De nije eigner kin neat mei de oandelen om't er der gjin sizzenskip oer hat. Dat rjocht leit by in stifting, sa seit Nieweg.