Hynder-en-wein klemriden op A7

© Omrop Fryslân
In man fan De Tynje (65) rekke moandei ferwûne doe't er mei syn hynder-en-wein yn de sleat telâne kaam by Terwispel. Hy ried mei it span oer de flechtstrook fan de A7, dêr't de plysje besocht him mei in auto nei de berm te triuwen. Dat slagge net.
De plysje sette doe de auto yn it paad, wêrop't de man besocht tusken de auto en de sleat troch te riden. Dêrby rekke er mei it spul yn 'e sleat. De man is oanhâlden.