Finzene ûntsnapt oan plysje

© Omrop Fryslân
Op bleate fuotten is moandeitejûn in 19-jierrige Irakees oan de Ljouwerter plysje ûntsnapt. De man siet fêst yn De Marwei.Hy wie troch de Grinslanner plysje heard op it Ljouwerter plysjeburo foar in delikt yn Grins. Op de weromreis nei de Marwei wist de man oan de Grinslanner aginten te ûntkommen. Hoe't dat krekt koe, is noch in riedsel.
In sykaksje mei hûnen yn it gebiet by De Marwei smiet neat op.