Kandidaten oername De Tille

11 aug 2003 - 00:00

Der bestiet in goede kâns op in trochstart fan skipswerf De Tille yn Koatstertille. Neffens kurator Brink hawwe trije skipswerven serieus ynformearre nei in mooglike oername.

De Tille waard ferline wike fallyt ferklearre. It FNV is nei de berjochten fan Brink in bytsje optimistysker oer de takomst fan de werf. Fierdere petearen mei de oernamekanidaten binne yn de rin fan dizze wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)