Huldiging PC-kening yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It partoer Johannes Dijkstra, Karel Nijman en Folkert van der Wei, de winners fan de 146ste PC yn Frjentsjer, wurdt kommende sneon huldige yn Ljouwert. De keatsers sille earst troch Ljouwert en Huzum ride. By Sealen Tivoli yn Huzum sil it partoer dan om fjouwer oere middeis huldige wurde troch it Ljouwerter gemeentebestjoer.
PC-kening Johannes Dijkstra wennet yn Huzum. Nijman en Van der Wei komme fan Wytmarsum.