Minder plysjes nei sluting azc's

11 aug 2003 - 00:00

De sluting fan de asylsikerssintra yn Súdeast-Fryslân hat grutte gefolgen foar de sterkte fan de plysje yn dizze regio. Neffens boargemaster De Jonge fan it Hearrenfean geane sa'n tweintich banen ferlern. Dat is in fyfde part fan de hjoeddeiske besetting.

It is noch net dúdlik oft minsken twongen ûntslein wurde. Yn de regio geane de azc's fan Wolvegea, De Jouwer en It Hearrenfean ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)