Opskuor troch kofferke

11 aug 2003 - 00:00

In fertocht kofferke yn in stik lân by It Heidenskip hat de plysje moandei in pear oeren dwaande holden. In famke hie it kofferke fûn. Doe't se wat tikjen hearde, waard de plysje warskôge.

De omkriten waard ôfset en de plysje stelde in ûndersyk yn. Bliken die dat it kofferke troch in skoutinggroep yn it lân delset wie fanwege in speurtocht. De plysje koe de Eksplosive Oprommings Tsjinst weromstjoere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)