Erna Brinkman nei Italië

11 aug 2003 - 00:00

Folleybalster Erna Brinkman(31) hat in kontrakt foar in jier tekene by de Italiaanske klup Reggio Emilia. De klup spilet yn de heechste divyzje.

Brinkman, dy't oarspronklik út Snits komt, spile foarich seizoen foar de Frânske ploech Cannes. De mearfâldich ynternasjonal stelt har net mear beskikber foar de Nederlânske folleybalploech.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)