Tsjerke en buorlju moatte prate

11 aug 2003 - 00:00

In eskalearjende buorrerûzje, sa neamde de rjochter moandei it konflikt tusken de baptistegemeente en syn efterbuorlju oan de Norgerwei yn Haulerwyk. De buorlju fine dat se yn har privacy oantaast wurde troch de tsjerke.

De tsjerke stiet mei de eftergevel, mei needútgong en ramen, rjochting tún. Ut dy ramen sjogge gemeenteleden maklik yn de tún en ek de needútgong soe fierste faak brûkt wurde. De rjochter fynt dat partijen nochris om de tafel moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)