Wol berop op WOB mooglik

© Omrop Fryslân
Op de Wet Openbaarheid Bestuur (WOB) kin wol in berop dien wurde by de beswierskriftekommisje fan de gemeente Ljouwert. Dat is de útkomst fan in saak tusken it kolleezje fan de gemeente Ljouwert en in Ljouwerter dy't de ferslaggen fan de beswierskriftekommisje ynsjen woe.
De gemeente hie sein dat de WOB net fan tapassing is op de kommisje om't dy gjin bestjoersorgaan wêze soe. De Ried fan Steat seit dat er dat wol is.