Farsk lûkt 10.000ste besiker

11 aug 2003 - 00:00

De ynternetside Farsk.nl hat yn in heal jier tiid tsientûzen besikers lutsen. Op de side is it Fryske literêre ynternettydskrift Farsk te lêzen. De side dy't sûnder subsydzje draait, wurdt better besocht as ferwachte. Der binne no wol subsydzje-oanfragen yntsjinne by de provinsje en it Literêr Produksjefûns.

Farsk sette yn febrewaris útein en wurdt alle fjirtjin dagen fernijd. Der ferskine ek tema-Farskskriften op papier

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)